ANBI

De ChristenUnie is in ANBI, dus kinne jo je jeften en ledejild ôflûke fan jo belêstber ynkommen.

  • Statutêre namme: ChristenUnie De Fryske Marren
  • RSIN: 816866090
  • Nûmmer fan de Keamer fan Keaphannel: 01102126

Rekkennûmmer

  • IBAN: NL29 RABO 0134 7101 26

Post- en besikersadres:

ChristenUnie De Fryske Marren
p/a Botter 38
8531 BR De Lemmer
E-mail

Grûnslach

Dreaun troch de leafde fan God en it keningskip fan Kristus wol de ChristenUnie har ynsette foar de mienskip en it bestjoer fan ús lân. Hja erkent dat de oerheid troch God jûn is en yn Syn tsjinst stiet om wrâldwiid rjoch te dwaan en frijheid en frede te beskermjen. De ChristenUnie basearred syn politike prinsipes op de Bibel, Gods ynspirearre en gesachhawwende Wurd. Har leden ferienigje har út it kristelik ljeauwen wei, lykas dat koart en krêftich ferwurde is yn de Leausbelidenis fan Nicea

ChristenUnie De Fryske Marren hat ta doel in polityk te befoarderjen lykas folget út dizze grûnslach. De partij hat dit ferwurde yn de begjinselferklearring dy't op 24 novimber 2018 goedkarre is troch de leden.

Haadlinen beliedsplan 

De ChristenUnie wol op elts polityk nivo sa krêftich as mooglik is fertsjintwurdige wêze en nimt dêrta ek aktyf diel oan de gemeenteriedsferkeizings. De ChristenUnie besiket ek bûten de ferkiezingstiid om de publike opiny en kiezers te winnen foar har politike oertsjûging. 

De lokale ôfdieling hat twa wichtige ynkomsteboarnen:

  • ôfdrachten fan it ledejild fan de lânlike ChristenUnie en
  • jeften

It fermogen wurdt beheard troch it bestjoer fan de lokale ôfdieling, yn it bysûnder troch de ponghâlder.
De besteging fan it fermogen is foar fierút it grutste part rjochte op it sparjen foar de 4 - jierlikse ferkiezingskampanje.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de foarsitter fan it bestjoer.
De gearstalling, funksjes en beminsing fan it lokale ôfdielingsbestjoer fine jo op de side Ôfdielingsbestjoer

Beleanning

Leden fan it bestjoer fan in lokale ôfdieling krije allinnich in fergoeding foar makke ûnkosten. Sy krije gjin fakatuaasjejild of oarsoartige fergoedingen.

Aktueel ferslach

It jierferslach wurdt opsteld troch de sekretaris en fêststeld troch it bestjoer. It jierferslach jout in oersjoch fan de aktiviteiten fan de lokale ôfdieling.

Finansjele ferantwurding

It finansjeel ferslach wurdt opsteld troch de ponghâlder en fêststeld troch it bestjoer. Dêrnei wurdt it ta goedkarring oanbean oan de leden. In kaskommisje ûndersiket it ferslach en rapportearret oan de ledegearkomste syn befinings.

Part yn ferbân mei jeftenreglemint  

Oersjoch fan jeften boppe de €4.500

ChristenUnie De Fryske Marren hat yn 2023 gjin jeften ûntfongen boppe de €4.500. Alle jeften gean oer in bedrach ûnder de €100